Yaacov’s Offspring: Hiltsje from The Netherlands

Hiltsje woont met haar gezin in Friesland en ik vroeg haar of zij haar bijdrage ook in de Friese taal wilde schrijven. Haar bijdrage zowel in het Fries en het Nederlands. Hieronder eerst in het Fries en daaronder in het Nederlands:

Sjalom, 

Ik bin Hiltsje van der Wiel – Scheweer, troud en tegearre ha wy fjouer bern (16, 13, 10 , 8 jier). Ik wenje al myn hiele libben yn Fryslân. Myn jongerein ha ik troch brocht op de pleats fan myn âlders. Doe’t ik troude bin ik ferhuze nei it easten fan Fryslân. 
Salang ik wit leau ik al dat de Bibel wêr is. Op it momint ik nei Bibellering moast, wie net elkenien der bliid mei. Ek ik en de foargonger wiene gjin freonen. Ik wie in echt jongereins famke en de foargonger wie prima gaadlik foar de âldere minsken, mar om de jongerein  ûnderwiis te jaan wie net syn sterkste punt. Yn dy tiid wie ik al kritysk en brocht dit op syn jongereins nei de foargonger en as hy sei: ‘Ik ha der foar studearre’, wie myn antwurd steefest, dat hy de Bibel  noch mar in kear moast lêzen. No tink ik wol ris dat hie ek allegearre net sa moatten. Lykwols, it hat my wol fierder brocht op myn libbens paad mei JHWH. Ik kaam terjochte yn de baptistengemeente, in geweldige foargonger dy wist hoe hy ús jongerein in bytsje moast stjoere en ús ek wier wat woe leare, der wiene de moaiste petearen. Ik learde ek myn man kennen, hy is net opbrocht mei it Bibels leau. Hy hie bêst wol fragen, wêrom stiet der dat en wurdt der oars dien. Der wiene prima útlizze, dy wy doe’t foar wêr oanpakten. Letter kamen wy derefter dat it dochs oars wie.
Wy waarden âlder en joegen sels club. Prachtich moaie tiid en healwiise drokte. Wy diene mei oan de Wampex (survival yn it tsjuster). Tweintich kilometer ploeterje troch de drek. Tidens it rinne nei de folgjende strúkelblok wie der in soad tiid ta praten. Oer allegear ûnderwerpen, fanút Bibels perspektyf. En elke kear wer de fraach; ‘Wat soe  Yeshua wolle, hoe wy libje.’ Wat tink ik dêr faak oan werom, en wat hat dy tiid my faak krêft jûn yn myn leau. Spitigernôch, hawwe wy iislike dingen mei moatte meitsjen, mar ik ha geleard troch fertrouwen, troch gean en de krêft fan gebed dat JHWH my helpt wêr ik ek gean of stean.  
Wy hawwe dizze gemeente ferlitte, net om’t wy ús net ree wiene, it wie it omkearde. Ús jongste dochter wie berne en nei in heal jier krige sy stadich oan fêst iterij. Al fluch krige hja pûsten op de meast frjemitte plakken, wat oant operaasje hat laat. Wy krigen it advys har gjin bargefleis mear te jaan. Ik, sa nijsgjirrich as ik bin, gie sykje. Ik kaam op artikels terjochte wêrom bargefleis net sûn wie, mar ek op in artikel wat my oanspruts. Der stie yn dat God net foar neat yn de Bibel hie skreaune dat it in smûtsig bist wie en dat de wetten yn de Tora wetten net wiene om te pleagje, mar om de minske te beskermje, ek de Kristenen. Noch nea fan heard! Ik ha it opsocht en it stie der wier. Ik nei myn man, hy wie samar om. As it der stiet kinne wy ús better ek mar oan dy ‘wetten’ hâlde. Wy waarden nijsgjirrich nei wat der mear stie. Ek oer de Sjabbat, in restdei is in resdei soen jo sizze, dochs bleau it yn ús tinken. Myn man gie, mei tsjinsin, nei in jûn fan Bart Repko. Hy kaam bliid thús mei wy moatte oars. Hoe en wat koe hy net fertellen, dat kaam pas gâns tiid letter klear. 
Wy gien op ‘e nij sykje nei Israël en nei de Sjabbat en sa fûnen wy ús antwurd. Eins hiel simpel, en it baltsje gie rollen, mar wy koene net mear terjochte by de gemeente. Wy woene al gjin broadjes ham mear iten of in board snert mei rikke woarst. Ek de praktyske taken binnen de tiden fan de Sjabbat (dy betelle moasten wurde) woene wy net mear. Koartsein wy koene de mienskiplike fyzje net mear dielen. De bining mei de minsken waard oars en in tsjinst op de Sjabbat, hoe dochst do dat asto nei in sneinse tsjinst giest. Wy kamen terjochte by in Sjabbattsjinst, hjir hawwe wy slim in soad leard oer de Grykske en Hebreeuwske bril. Oer de feestentiiden en de setting fan de tsien wurden/Tora. Lykwols ek waarden wy soms yn é war. Der wiene slim in soad ferskillende fyzjes,  tins, útlis fan kennis yn de gemeente. Elke kear wie der wer in soad om te ûndersiken en ek ‘in soad’ wat wy net (direkt) yn de Bibel werom koene fine en sa binne wy ek noch in skoftsje nei in thustsjinst west 
Sûnt in tiid fiere wy de Sjabbatten en feesten yn ús húshâlden. Wy komme regelmjittich mei oare húshâldens mei-inoar of besykje op minsken mei deselde ynteresse. In jier of wat lyn wiene der freonen fan ús dy’t de saneamde ‘noachitische wetten’ giene folgje en in ‘gioer’ yn giene. Wy krigen der slim in soad fragen troch. Ek wa binne wy dan! Is it wier nedich om ‘Joadsk’ te wurden. Wy fûnen artikels oer de tolve stammen, de twa houten tûken en wa syn dy twa drommen wêr Yeshua it oer hat. Wy kamen oant de ûntdekke dat wy al lang oant Israël hearden, sûnder dat wy it wisten. En begûn de útlis oer de twa drommen better te begripe. Oer de Menorah mei de twa oliiftûken. De Edele oliif krige in plak. En ek begrepen wy noch better de wetten út it âlde Testamint oer skiede en in twadde houlik.  Alles foel op syn plak. Wy mochten ûntdekke dat wy oant de stam Effraim hearre en diel meie nimme oan de seine dy him tabered is. En asto my fregest wat ik it moaiste diel fan de Bibel fyn dan binne it de Psalmen. En benammen Psalm119  Wat bin ik bliid dat ik Yeshua ha meie leare kennen en Hy it is dy my libben hat jûn, troch it Wurd wat yn myn hert opburgen leit, sa dat ik mar net ta sûnde fal. Jo binne heech te priizjen, JHWH, Ûnderrjochtsje my yn jo foarskriften. Psalm119:11-12. Bilibi Tzafanti! 

Nederlands:

Ik ben Hiltsje van der Wiel – Scheweer, getrouwd en ik heb 4 kinderen (16, 13, 10 , 8 jaar). Ik woon al mijn hele leven in Friesland. Mijn jeugd heb ik doorgebracht op de boerderij van mijn ouders en toen ik trouwde ben ik verhuisd naar het oosten van Friesland. 
Zolang ik weet geloof ik al dat de Bijbel waar is. Op het moment ik naar cathechesatie moest, was niet iedereen er blij mee. Ook ik en de voorganger waren geen maatjes. Ik was een echte puber en de voorganger was prima geschikt voor de oudere mensen, maar om de jeugd te onderwijzen was niet zijn sterkste punt. In die tijd was ik al kritisch en bracht dit op een puberale manier naar de voorganger en als hij zei:’Ik heb er voor geleerd’, was mijn antwoord steevast dat hij de Bijbel nog maar een keer moest lezen. Nu denk ik wel eens dat had ook allemaal niet zo gemoeten. Echter, het heeft me wel verder gebracht op mijn levenspad met Yeshua. Ik kwam terecht in de baptisten gemeente, een geweldige voorganger die wist hoe hij ons pubers een beetje moest sturen en ons ook echt wat wilde leren, er waren de mooiste gesprekken. Ik leerde ook mijn man kennen, hij is niet opgevoed met het Bijbels geloof. Hij had best wel vragen, waarom staat er dat en wordt er anders gedaan. Er waren prima uitleggen, die we toen voor waar aannamen. Later kwamen we erachter dat het toch anders was. 
We werden ouder en gaven zelf club. Prachtig mooie tijd en de gekste activiteiten.We deden mee aan de wampex (survival in de nacht). Twintig kilometer ploeteren door de blubber, midden in de nacht. Tijdens het lopen naar de volgende hindernis was er veel tijd om te praten. Over allerlei onderwerpen, vanuit Bijbels perspectief. En elke keer weer de vraag;’Wat zou Yeshua willen, hoe wij leven.’ Wat denk ik daar vaak aan terug, en wat heeft die tijd mij vaak kracht gegeven in mijn geloofsleven. Helaas, hebben wij nare dingen mee moeten maken, maar ik heb geleerd door vertrouwen, uithoudingsvermogen en de kracht van gebed dat JHWH mij helpt waar ik ook ga of sta.
Echter wij hebben deze gemeente verlaten, niet omdat we ons niet thuisvoelden, het was het tegendeel. Onze jongste dochter was geboren en na een half jaar kreeg zij langzaam aan vast voedsel. Al snel kreeg ze ontstekingen op de meest vreemde plekken, wat tot operaties heeft geleid. We kregen het advies haar geen varkensvlees meer te geven. Ik, zo nieuwsgierig als ik ben, ging googlen. Ik kwam op artikelen terecht waarom varkensvlees ongezond was, maar ook op een artikel wat me aansprak. Er stond in dat God niet voor niets in de Bijbel had geschreven dat het een onrein dier was en dat de oudtestamentische wetten niet waren om te plagen, maar om de mens te beschermen, ook de christenen. Nog nooit van gehoord! Ik heb het opgezocht en het stond er echt. Ik naar mijn man, hij was zomaar om. Als het er staat kunnen wij ons beter ook maar aan die ‘wetten’ houden. We werden nieuwsgierig naar wat er meer stond. Ook over de Sjabbat, een rustdag is een rustdag, het bleef knagen. Mijn man ging, met horten en stoten, naar een avond van Bart Repko. Hij kwam thuis met we moeten anders. Hoe en wat kon hij niet vertellen, dat werd ons pas vele tijd later duidelijk.. 
We gingen opnieuw zoeken naar Israel en naar de Sjabbat en zo vonden we ons antwoord. Eigenlijk heel simpel, en het balletje ging rollen, maar we konden niet meer terecht bij de baptisten gemeente. We wilden  al geen broodjes ham meer eten of  een bord snert met rookworst. Ook de kluszaterdagen  binnen de tijden van de Sjabbat (die betaald moesten worden) gingen niet meer. Kortom we konden de gezamenlijke visie niet meer delen. De binding met de mensen werd anders en een samenkomst op de Sjabbat, hoe doe je dat als je naar een zondagvierende gemeente gaat. 
We kwamen terecht bij een Sjabbatvierende gemeente, hier hebben we erg veel geleerd over de griekse en hebreeuwse bril. Over de feesten en de inzettingen van de 10 woorden/Tora. Echter ook werden we soms verward. Er waren erg veel verschillende visies, meningen, uitleg van kennis in de gemeente. Elke keer was er weer veel om te onderzoeken en ook ‘veel’ wat we niet (direct) in de Bijbel terug konden vinden. We zijn nog een tijdje naar een huisgemeente geweest en vieren sinds een tijd de Sjabbatten en feesten binnen ons gezin. We komen  regelmatig met een andere gezinnen samen of bezoeken op Sjabbat mensen met dezelfde identiteit. 
Een jaar of wat geleden waren er vrienden van ons die de noachitische wetten gingen volgen en een gioertraject in gingen. We kregen er erg veel vragen door. Ook wie zijn wij dan, is het echt nodig om ‘Joods’ te worden. We vonden artikelen over de twaalf stammen, de twee stokken en wie zijn die twee kuddes waar Yeshua het over heeft. We kwamen tot de ontdekken dat we al lang tot Israel behoorden, zonder dat we het wisten. En begonnen de uitleg over de twee kuddes beter te begrijpen. Over de menorah met de twee olijftakken. De Edele olijf kreeg een plaats. En ook begrepen we nog beter de wetten uit het Oude Testament over scheiden en hertrouwen. Alles viel op zijn plek. We mochten ontdekken dat we tot de stam Effraim horen en deel mogen nemen aan de zegen die Efraim is toebedeeld. 
En als je mij vraagt wat ik het mooiste gedeelte van de Bijbel vindt zijn het de Psalmen. En vooral Psalm 119  Wat ben ik blij dat ik Yeshua heb mogen leren kennen en Hij het is die mij leven heeft gegeven, door het Woord in mijn hart te leggen, zodat ik niet in zonde val. Uw naam mag ik prijzen, JHWH, onderricht mij in uw voorschriften.. Bilibi Tzafanti!  Psalm 119:11-12

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s